| wer yn 'e loft |
| Mei tank oan de webmaster is de blog wer yn 'e loft. Haw hiel wat reaksjes hân, oft ik der mei ophâlden wie, wat der oan 'e hân wie... Hoopje dat de measte spam en 'ynbrekkerij' no oan kant is. |
| |
|
|
| Keet op freed |
 Kommende freed sille wy nei Raerd ta. 'Keet op freed' is de bedoeling. Hjirûnder it parseberjocht...
RAERD (Boarnsterhim) –De FNP yn Boarnsterhim sil kommende freed nei de keet ‘It blikje’ ta yn Raerd. Dêr wurdt mei de pleatslike jongerein praat oer it te fieren belied oangeande de ‘keten’ yn de gemeente. Ynkoarten komt dit ûnderwerp yn de gemeenteried te praat. De FNP wol benammen mei de jongerein prate, ynstee fan allinnich oer de jongerein en fûn in besite oan ien fan de keten yn de gemeente dêrom wol op syn plak (Dit hie de fraksje foarige simmer ek alris dien).
‘Keet op freed’ sil freedtejûn om 21.30 begjinne, yn de keet ‘It Blikje’ yn Raerd. ’t Blikje is te finen oan de Hegedyk 19, 9012 Boarnsterhim. Sjoch ek: http://www.utblikje.nl/index.php.
Neist de (kandidaat-)riedsleden fan de FNP yn Boarnsterhim komt der ek in delegaasje fan de FNP-jongerein op besite. Lykas bekend hat de FNP jongerein ek in rapport útbrocht oer de keten yn Fryslân, sjoch http://fnpjongerein.hyves.nl/blog/26455971/Presintaasje_FNPj_Keterapport/hMw0/. It rapport, dêr’t yn stiet dat it negative imago fan de keten net terjochte is, wurdt kommende freed oerlange oan de Keetkommisje fan Raerd. It rapport wie foarige moanne al nei de wethâldster Hermien de Haan gien. |
| |
|
|
| Ferkiezingslist ynlevere |
 Fan 'e moarn de ferkiezingslist ynlevere yn Grou, op it gemeentehûs (sjoch foto). Neffens de amtners liket it goed. It komt hiel krekt mei dy listen, ien letter ferkeard en de list wurdt ôfkard. Gelokkich hawwe wy yn it bestjoer in hiele krekte en sekuere skriuwer. De folgjende stap is setten rjochting 3 maart. Noch 43 dagen... |
| |
|
|
| Prikslydzjen Reduzum |
 Op de foto ús Hannelys op de iisbaan, foar it earst yn in wedstryd prikslydzjen. It wie hiel aardich dat de iisklub fan Reduzum dat organisearre hie, by gebrek oan goed te beriden iis (dat wol sizze mei redens). Der dienen 10 groepkes mei fan elk 3 bern, yn in soarte fan estafette-foarm. Sels hie ik dizze Fryske sport noch nea meimakke, fansels prachtich dat ús bern it no al leard hawwe... Op YouTube haw ik ek in filmke setten mei it earste prikslydzjen fan Hannelys: sjoch hjirre. |
| |
|
|
| Nijste djoere slokop: KING |
 Der wurdt wer in nij superdjoer ynstitút yn it libben roppen dat wy meielkoar betelje moatte. Ik haw it oer it 'Kwaliteitsinstituut Nederlandse Gemeenten'. Dêr bin ik achter kommen troch in pear lytse letterkes dy't yn de saneamde ' septembercirculaire' fan de gemeente Boarnsterhim fermeld stienen. Der stiet yn fermeld: ' In de meicirculaire 2009 is een vooraankondiging opgenomen met betrekking tot het voornemen van een gedeeltelijke bekostiging van de stichting KING (kwaliteitsinstituut Nederlandse Gemeenten) door middel van een uitname uit het gemeentefonds. De leden van de VNG hebben inmiddels ingestemd met de oprichting van KING en de daarbij voorgestelde uitname uit het gemeentefonds, ter gedeeltelijke bekostiging van de begroting. Dit betekent dat voor 2010 een bedrag van € 6,436 miljoen en voor 2011 en volgende jaren € 7.464 miljoen structureel, zal worden uitgenomen. Boarnsterhim draagt in 2010 via de algemene uitkering € 7.491 hieraan bij'.
Dat binne yndied KING-size budzjetten: € 7,5 miljoen euro op jierbasis. En dat wylst der al jierren folop oan 'benchmarking' (fergelykjen) dien wurdt. In organisaasje as it Coelo yn Grins docht dat bygelyks al jierren as it om de kosten fan gemeenten giet, ek mei publyk jild trouwens. Rekkenkeamerkommisjes hawwe ek eigen ûndersyksbudzjetten. In nije djoere slokop dêr't gemeenten en dêrmei wy allegear oan meibetelje moatte. Foar Boarnsterhim op jierbasis € 7500,-, foar hiel Fryslân € 240.000. Unbegryplik dat gemeenten dêr mei ynstimd hawwe.
|
| |
|
|
| Europeesk parlemint Brussel feilich? |
 Ik wol net sizze dat ik woansdei ferdwaald wie, litte wy it der op hâlde dat ik it paad efkes bjuster wie. Woansdei hienen wy in gearkomste fan it Bureau (bestjoer) fan ús Europarlemintspartij EFA yn Brussel. Nei it rynske middeisiten gong elk in bytsje syn of har eigen wei. Nei aardich wat kearen dêr west te hawwen, tocht ik dat ik ús gearkomsteseal wol werom fine koe. Mar dat foel ôf, want wy sieten op in folslein oare lokaasje as oare kearen. En op in oare ferdjipping (5e ynstee fan 1e). Oant safier op himsels neat oan 'e hân. Mar goed, ik koe de seal dus net fine en besocht wat treppen út om op de 5e ferdjipping te kommen. Lykwols, allegear by de tagong nei de 5e, 6e en 7e ferdjippings op slot. Dat betsjut dus, as der in kalamiteit is (bygelyks brân), sitte jo fêst en binne it haske. Doe op in bepaald stuit mar wer nei ûnderen. Der is dêr in ynformaasjesintrum. Mar ek dêr wisten se net wêr't de EFA syn gearkomste hie. Alle systemen trochsocht op partijnamme, persoanlike gegevens ensfh. Uteinlik kaam ik op it idee oft ik myn e-mail net efkes neisjen koe, want yn ien fan dy mailtsjes stie de lokaasje fermeld. Sa dien, en sa de seal wer fûn. Wat ik my by dit alles wol ôffreegje is: hoe feilich is it Europeesk parlemint by brân en oare kalamiteiten? |
| |
|
|
| FNP rekkenet op winst |
Ofrûne sneon de nijjiersgearsit fan ús partij hân, mei in grutte opkomst nettsjinsteande de sniejacht. Us foarsitster, Nynke Beetstra fan Grou, ferwachtet in aardige winst. Yn de gemeenten dêr't wy meidogge (net de Súdwesthoeke yn ferbân mei de mooglike weryndeling) rekkenet se op in winst fan 6 riedssitten: fan 44 fan 50 totaal. It tal wethâlders sil dan fansels ek wat omheech moatte: fan 4 nei 6. Berjochten oer dy ferwachte winst steane op de websiden fan de Omrop (mei ynterview) en de LC. Yn Boarnsterhim wolle wy fan 3 nei 4 riedssitten. Dy winst sil ûnder oare komme moatte fan it te ferwachtsjen ferlies fan PvdA en CDA. Mar benammen fan eigen krêft fansels en it betrouwen fan de ynwenners yn ús as partij. |
| |
|
|
| Nûmer 2 FNP-list Boarnsterhim... |
 Ôfrûne woansdei bin ik troch de leden fan de FNP ôfdieling Boarnsterhim keazen as nûmer 2 foar de ferkiezingslist 2010-2014. Dat betsjut dat ik nei alle gedachten fan 3 maart (gemeenteriedsferkiezings) ôf wer riedslid bin. Earst tusken 2002 en 2007 yn Ljouwert, de kommende 4 jier yn de buorgemeente. Spannend! It folsleine berjocht oer de list stiet hjirre: parseberjocht. |
| |
|
|
| Mexicaanse griep 'loze pandemie - 'Groeiende kritiek op macht farmaceuten |

Der komt in resolúsje yn de Rie fan Europa dy't ûnder mear stelt dat miljoenen sûne minsken op 'e hiele wrâld foar neat bleatsteld binne binne oan ûnbekende bywurkings fan grypfaksins dy't net foldwaande teste binne. De Rie fan Europa is net samar in ynstitútsje, it is it orgaan fan de minskerjochten yn Europa. Goed dat in wichtich orgaan him no, no't de hype in bytsje oer is, kritysk útlit oer de misstannen dy't yn 2009 ta utering kommen binne fia de 'Meksikaanske gryp'.
Mexicaanse griep 'loze pandemie'
STRAATSBURG -In Europa groeit de kritiek op de macht die geneesmiddelenbedrijven hebben uitgeoefend bij het uitroepen van een wereldwijde uitbraak van Mexicaanse griep.
Het parlement van de Raad van Europa vindt dat experts van de Wereldgezondheidsorganisatie (WHO), die uiteindelijk een pandemie van Mexicaanse griep uitriep, zich te veel hebben laten leiden door farmaceutische ondernemingen met directe belangen bij vaccins en andere geneesmiddelen tegen het H1N1-virus.
De Raad van Europa, waarin 47 Europese landen zitting hebben, wil dat later deze maand een onderzoek en een spoeddebat worden gehouden naar de opmerkelijke knieval van de WHO voor de geneesmiddelenindustrie.
De Duitse parlementsvoorzitter van de raad, Wolfgang Wodarg, noemt het uitroepen van de 'loze pandemie' één van de grootste medische schandalen van deze eeuw. "Het uitroepen van een alarmerende pandemie mag nooit worden beïnvloed door medicijnverkopers", stelt hij.
De tekst van een ontwerpresolutie die tijdens het aanstaande spoeddebat waarschijnlijk de steun krijgt van veruit de meeste van de 47 landen, ademt eveneens die uiterst kritische geest.
De resolutie stelt onder meer dat miljoenen gezonde mensen wereldwijd nodeloos zijn blootgesteld aan onbekende neveneffecten van griepvaccins die onvoldoende waren getest.
|
| |
|
|
| 'Rustige of onrustige jaarwisseling?' |
 Mei krekt de alderlêste oaljekoeken efter de kiezen tink ik noch efkes oer âld en nij. Is it jo ek opfallen? Op 1 jannewaris wie de berjochtjouwing frijwat fan 'Rustige jaarwisseling': der waard melden dat it rêstich west hie yn Amsterdam, Flevolân, Oerisel, Drinte, Limburch, Achterhoeke, Noard-East Gelderlân ensfh. Yn Fryslân wie it sels 'tige rêstich' neffens in berjocht op Wâldnet, mei op basis fan de plysjeberjochten.
Lykwols, dat sil de autoriteiten wol net nei't sin west hawwe, want as der gjin krisis is, har gjin rampen, syktes of oare ûngemakken foardogge sitte sy sûnder wurk en kin der net 'skoard' wurde. Want in dei letter, op 2 jannewaris, wienen de ferhalen al hiel oars. Minister Ter Horst bearde dat it 'Van de gekke is dat zo'n inzet nodig is' as it oer de plysje-ynset gong en se hie it totaal tal ynsidinten oer hiel Nederlân opteld: 2420. En dat wie yndied in stik minder as de 2753 fan ferline jier. Lit my foaropstelle dat as jo slachtoffer wurde fan geweld of fjoerwurk dat tryst is en net gebeure mei. In jierwiksel of drank mei nea brûkt wurde as ferlechje om bygelyks geweld te brûken. Lykwols, mei âld en nij is it in tradysje dat der yn doarpen en stêden wat krystbeammen en soms ris in âld-sloopauto ferbaarnd wurde. En suver altyd wurdt dat troch de eigen minsken ek behearske wer útdôve. It gefaar is dat elk stikje ferantwurdlikens fan de mienskip har ûntnommen wurdt, dat yn 'e takomst fan gemeentewege der organisearre fjoerwurk- en oare feesten organisearre wurde moatte. En sa wurdt stap foar stap troch ynsidinten in sfear skepen dat de minsken it sels net mear dwaan kinne, mar dat it by de autoriteiten al yn goede hannen is.
En sa liket him de skiednis him wer te werheljen: de ynsidinten wurde troch de media opblaast, en dat is wer in ynkopper foar plysjesjefs en de ministers fan BZK en Justysje om te pleitsjen foar noch mear en hurdere straffen, kontrôle-mechanismen ensfh. De plysjesteat ûntjout him fierder en fierder... |
| |
|
|
| Marssum -> Marsum |
 Marsum, it doarp dêr't ik wei kom, hat mei de oare doarpen yn Menameradiel in Fryske plaknamme krigen mei yngong fan 1 jannewaris dit jier. Foar de measte minsken dêr sil it net safolle útmeitsje. Se seinen altyd al fan Marsum. It plaknammeboerd bliuwt ek noch jierrenlang sa sa't it no stiet. Allinnich as jo ris post krije fan in ynstânsje, sil de offisjele oantsjutting feroare wêze. Mei de feroaring komt de namme tichterby it spraakgebrûk fan de measte minsken, want in dûbele s wurdt suver net útsprutsen. De webside fan Marsum hat ek al as kop 'Marsum Fryslân'. De gemeente hat op har webside kreas oanjûn wat der de kommende tiid dien wurde sil. Persoanlik is it foar my wol aardich dat ik sels no yn in doarp (Reduzum) wenje mei in Fryske plaknamme en dat ús heit en mem yn myn bertedoarp ek yn sa'n plak wenje. Yn de goed 2,5 jier dat ik yn Reduzum wenje haw ik noch nea ien opmerking krigen dat Reduzum net te finen is. En wy hawwe noch mar ien kear, tusken al dy grif mear as tûzen poststikken in briefke krigen dêr't 'Roordahuizum' op stie. It is nei 25 jier folslein ynboargere, dy Fryske plaknammen. |
| |
|
|
|
reebok easytone shoes create natural instability. reebok easy tone increases muscle activity. discount easy tone shoes will be available
Fitness shoes of MBT and Vibram Five Fingers are collected at our website.on sale.MBT Shoes Clearance You will find high-quality brand shoes at low prices. Fitness shoes of MBT and Vibram Five Fingers are collected at our website.on sale.MBT Shoes Clearance You will find high-quality brand shoes at low prices. http://www.pickmbtshoes.com/