kontakt
Sybren Posthumus
D.S. Bangmastrjitte 25
9008 TJ Reduzum
Tillefoan: 0566 - 602928
Mail: sybrenposthumus@hotmail.com
kalender
« July 2010
S M T W T F S
        1 2 3
4 5 6 7 8 9 10
11 12 13 14 15 16 17
18 19 20 21 22 23 24
25 26 27 28 29 30 31

argyf

links

sykje
feeds
XML: RSS Feed
XML: Atom Feed



Foar al jo webhosting!
Twongen houlik, úthouliking of ‘moetje’?

De FNP ôfdielings fan Boarnsterhim, Hearrenfean en Ljouwert hawwe op tiisdei 2 maart in ferkiezingsstunt. Foar it moaie âlde riedhûs fan Boarnsterhim, Stasjonswei 1, 9001 ED te Grou sil it heve. Wurdt it ja of nee? Giet Boarnsterhim yn ‘e echt mei Hearrenfean en Ljouwert? Binne der mear kapers op ‘e kust foar dizze prachtige breid? Kinne jo mei twa tagelyk trouwe? Wat seit de trou-amtner derfan?   Op 2 maart om 14.00 oere komt it ferlossende antwurd. Elkenien dy’t gjin persoanlike útnoeging krigen hat kin dizze útnoeging as sadanich beskôgje.
27 Febrewaris '10 - 13:55 | | Noch gjin kommentaar


Heechste lesten by D66/GL en yn Fryslân CDA/PvdA

Yn gemeenten mei D66 en GrienLinks kolleezjes geane de lokale lêsten it meast omheech. Dat docht bliken út in ûndersyk fan De Volkskrant. D66 kin in soad moai-waar ferhalen hâlde, mar hâldt se yn 'e gaten (tink oan har plan om de provinsjes - ek Fryslân - op te heffen). O ja, neffens de Ljouwerter krante fan earjuster geane de lokale lêsten yn Fryslân benammen yn gemeenten mei kolleezjes fan CDA/PvdA omheech. De oarsaak is my net bekend. Wol waard fermeld dat yn de gemeenten mei lokale partijen of FNP de lêsten it minst omheech geane. Faaks hawwe wethâlders fan lokale/regionale partijen minder drang om har te profilearjen mei grutte en djoere projekten om fierder carriëre te meitsjen earne oars.     

26 Febrewaris '10 - 19:42 | | Noch gjin kommentaar


Polityk kafee yn Warten

Kommende moandei (1 maart) organisearje wy in polityk kafee yn Warten. De útnoeging foar dat kafee is hjir te lêzen (it is ek yn in kafee, De Brigantijn). Rûnom yn de gemeente spilet de diskusje, by hokker nije gemeente wurde wy weryndield? Lykwols, it kin net sa wêze dat der oer de minsken besluten wurdt sûnder har dêrby te belûken. Fansels hienen wy sa'n diskusje ek hjir yn Reduzum organisearje kinnen, of yn Jirnsum of Tersoal, wy hawwe foar Warten keazen. As FNP hawwe wy de yndruk dat de miening fan it doarp Warten en har bewenners wat ûndersnijdt yn de hiele politike diskusje. En jo binne der as partij om elkenien goed te hearren. Moandei hoopje wy dat dan ek in bytsje rjocht te setten.
25 Febrewaris '10 - 16:00 | | Noch gjin kommentaar


Oer 2,5 jier alwer ferkiezings?

As - hooplik - oankommend riedslid foar de FNP moatte jo fansels op je iepenst wêze. Programma's fan oare partijen trochnimme, it nijs byhâlde ensfh. Fan 'e middei tocht ik, lit ik ris op de webside fan de gemeente Boarnsterhim sjen, soe dêr noch nijs stean? En jawol. Ta myn grutte fernuvering stiet dêr yn detail al fermeld wat de kommende tiid barre sil oangeande de weryndieling (ûnder it kopke 'Stand van zaken bestuurlijke toekomst').  Hjirûnder stiet it skema. Wat docht bliken? Neffens de planning soenen wy novimber 2012 al wer nei de stimbus moatte. Mei oare wurden, oer 2,5 jier wer ferkiezings, foar nei alle gedachten Skarsterlân, Hearrenfean, Littenseradiel, Ljouwert, Tytsjerksteradiel en Opsterlân? Alle gemeenten om Boarnsterhim hinne. Der is fansels noch in hiel trajekt te gean, elkenien en alles moat noch akkoart gean, mar wêrom wurdt dat no net iepen en earlik kommunisearre?   

STAP TIJDSTIP/DOORLOOPTIJD
    0. Voorbereiding ontwerp-herindelingsadvies
heden – november 2010
1. Vaststelling ontwerp-herindelingsadvies (gemeenteraden) december 2010
2. Zienswijzen/bestuurlijk overleg en verwerking reacties januari – april 2011
3. Vaststelling Herindelingsadvies (gemeenteraden) april 2011
4. Goedkeuring en zienswijze Gedeputeerde Staten juni 2011
5. Besluitvorming Minister BZK/Ministerraad november 2011
6. Wetgevingsprocedure:
- advisering Raad van State
- behandeling Tweede Kamer
- behandeling Eerste Kamer
december 2011 – juni 2012
7. Plaatsing Staatsblad augustus 2012
8. Verkiezingen nieuwe gemeenteraden november 2012
    9. Start nieuwe gemeente
1 januari 2013

24 Febrewaris '10 - 17:09 | | Noch gjin kommentaar


EU gjin politike uny!

As jo der foar soargje wolle dat de belutsenens by de polityk ôfnimt, dan moatte jo derfoar soargje dat it belied oeral en altyd gelyk is en dat ynspraak gjin doel hat. Dat is op dit stuit wol wat driget om't EU-technokraten de finansjele situaasje fan Grikelân 'brûke' om te pleitsjen foar in politike uny. En in politike uny giet in stap fierder as in monetêre uny. As der polityk ek sprake is fan in uny prate jo eins oer in fierdere standerdisaasje fan belied, bygelyks dat wetten oeral yn de EU gelyk binne, útkearings op itselde peil ensfh. Lykas sein, de grutte begruttings-tekoarten yn Grikelân wurde oangrepen om dêrfoar te pleitsjen. Troch dy tekoarten hawwe de útlieners fan jild oan Grikelân nammentlik minder fertrouwen yn dat harren jild wer werom komt. En dat jild, dat binne euro's. Euro's dy't ek wy Friezen brûke, mar sa stadichoan troch hiele Europa. En mei dêrtroch giet de koers fan de muntienheid de lêste tiid omleech. No kinne jo sizze wy gripe fan hegerhân yn yn it belied fan de lidsteaten en twinge har om dy en dy besunigings troch te fieren. Sadat de koers fan de euro wer fêst wurdt en jo gjin risiko's rinne. In folle elegantere oplossing is útsteld troch Monetêr ekonoom Edin Mujagic (stik hat ek yn Frysk deiblêd stien). Jo moatte steaten en desintrale oerheden net as lytse bern behannelje. Alhoewol't ik leaver in Europa fan de folken haw as fan de lidsteaten, is in politike uny wêrby't de lidsteaten hast neat mear yn te bringen hawwe en allinnich de Europeeske Kommisje noch de ferkearde wei. Dat betsjut nammentlik bestjoer noch fierder fan de boarger ôf.

20 Febrewaris '10 - 21:10 | | Noch gjin kommentaar


Protte wethâlders finansjeel net bekwaam

In nijsgjirrich artikel yn it Frysk deiblêd. En yn Boarnsterhim kinne wy der fansels oer meiprate. It eardere CDA-PvdA kolleezje bestie út goedwollende wethâlders, lykwols finansjeel binne tasizzings en ôfspraken net goed fêstlein en dokumintearre, sadat de gemeente in miljoeneskuld krige. De wethâlder foar finânsjes wie hjir destiids Daan van der Meulen fan it CDA en hy hat in berch skulden achterlitten. Mei help fan in ûnder kuratele stelling en in artikel-12 proseduere moat de gemeente finansjeel no wer oarder yn 'e gaos krije. Spitich dat it sa moat. It pleitet yndied foar kwaliteits-wethâlders dy't wat los steane fan de politike waan fan de dei fan de politike partijen.

18 Febrewaris '10 - 10:57 | | Noch gjin kommentaar


Ferkiezingsfilmkes op youtube

Wy hawwe  
mei help fan in betûfte filmers fjouwer ferkiezingsfilmkes makke. De filmkes gean oer it noch net realisearre fytspaad fan Grou nei Warten, de golfbaan by Goattum/Grou, it bedriuwetterein by Reduzum en de bou fan huzen yn de lytse doarpen.  De filmkes binne te sjen op it eigen kanaal fan de FNP Boarnsterhim, http://www.youtube.com/user/FNPBoarnsterhim. Dêr binne ek oare filmkes fan de FNP te sjen, lykas it yn it sintsje setten fan de snieskowers fan de gemeente.   
16 Febrewaris '10 - 20:10 | | Noch gjin kommentaar


Bettere diskusje Boarnsterhim

Op dit stuit harkje ik nei it earste listlûkersdebat, te hearren fia de lokale radio De Boarnsterstim. De diskusje is folle better as yn Ljouwert. It falt my alle kearen wer op, sawol no as yn de gemeenteried sels. De diskusjes binne folle skerper en to the point. Yn Ljouwert wie it frijwat saai, foarlêze fan pepier en hielendal bûn troch de sprektiden. Yn Boarnsterhim binne (oant no ta) noch gjin sprektiden. OK, se hâlde 23.00 oere op, mar dan binne se meast ek wol klear. By de ried fan Boarnsterhim bliuwe jo perfoarst wekker, ik freegje my ôf hoe't minsken it altyd yn Ljouwert belibben...

15 Febrewaris '10 - 20:52 | | Noch gjin kommentaar


Takomst Fryslân: by FNP yn feilige hannen

As jo de útlittings fan in hiel soad politike partijen, en fertsjintwurdigers dêrfan, leauwe meie, dan stiet de takomst fan de provinsje Fryslân faai. Ien fan de bêste oersjoggen fyn ik dy fan Sybren Singelsma: Takomst Fryslân op it spul by riedsferkiezings. In artikel dat earder as in Te gast yn de LC stien hat. Ald-deputearre fan de Provinsje Fryslân Heldoorn hat ek warskôge. By hast alle partijen, fan links nei rjochts, ek by de PvdA, stiet de takomst fan de provinsjes, en dêrmei ek fan Fryslân, yn 'e kiif. Der is mar ien partij, de FNP, dy't oer alle boegen dúdlik stelling nimt en seit dat Fryslân bestean bliuwe moat, ek mei mear foech. Want by oaren binne it miskien politisy yn de steaten of gemeenterieden dy't dat ek roppe, har boppebazen yn Den Haach sjogge it oars.
15 Febrewaris '10 - 10:16 | | Noch gjin kommentaar


CDA Snits woe yn 2006 al stik Boarnsterhim claime

Al yn 2006 hie it CDA-Snits yn Dearsum (gemeente Boarnsterhim) in ferkiezingsboerd. Doe wienen se al dwaande mei anneksaasje en claimgedachten, blykber. Spitich dat se dat doe net iepentlik sein hawwe en skreaun yn it ferkiezingsprogramma. De befolking wurdt der pas ein 2009 mei konfrontearre doe't de gemeente yn 7 hasten opheft is. Net sa netsjes!
14 Febrewaris '10 - 09:36 | | Noch gjin kommentaar


Fryske taal yn 'e grûnwet

It Frysk komt yn 'e grûnwet. In mylpeal. Hjir hawwe alle partijen yn 'e Steaten fan Fryslân jierren foar skrept, de FNP, mar oaren likegoed. De wetlike posysje wurdt no garandearre. De krekte tekst is noch efkes 'geheim', fansels moat in lykweardige posysje fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân foaropstean... Foar de ynwenners fan in gemeente as Boarnsterhim (hast 70% Frysktalich) in belangrike stap foarút. Mar likegoed foar alle oare Friezen, hokker taal se ek prate.   
Lykas bekend is sa'n fermelding yn 'e grûnwet in wichtige stap om ek te stribjen nei in status fan it Frysk as ko-offisjele taal yn it Europeesk parlemint. Ik sil my dêr dan skielk foar ynsette fia de EFA.
13 Febrewaris '10 - 13:53 | | Al ien kommentaar


Foto fan aksje tsjin CO2-opslach

En hjirby ek in foto fan ús aksje. De tekst dy't ik dêr útsprutsen haw is hjir te finen. It wurdt rottekrûddjoer, it is in grut risiko en gjin oplossing foar de problemen. Tiid foar aksje en bettere alternativen!
12 Febrewaris '10 - 15:41 | | Noch gjin kommentaar


Aksje tsjin CO2 opslach

Fan 'e middei hâlde wy in grutte aksje tsjin CO2 opslach yn Fryslân. Hjirûnder stiet ús útnoeging. Yn in dokumint hawwe wy de 7 redenen neamd om hjirop tsjin te wêzen en te pleitsjen foar oare alternativen.   

FNP: aksje tsjin CO2-opslach (útnoeging)

GROU (Boarnsterhim) –De FNP yn Boarnsterhim sil kommende freed (12 febrewaris) in aksje hâlde tsjin de opslach fan CO2 yn Fryske grûn. Dêrmei wol de FNP dúdlik meitsje dat lege gasfjilden yn Fryslân net folspuite wurde moatte mei CO2.

Op de byienkomst, dy’t fan 14.00 oant 14.30 oere duorret, sil it boppesteande op in ludike wize dúdlik makke wurde.

De lokaasje fan de aksje is it gaswinningsstasjon by Raerd, oan de Hegedyk (flakby Hegedyk 10, 9012 DM  RAERD). Route: ôfslach dyk Reduzum-Snits, rjochting Jirnsum/Akkrum, dêrnei de earste dyk nei rjochts (rjochting Raerd). Elkenien is fan herten wolkom.

12 Febrewaris '10 - 09:25 | | Noch gjin kommentaar


Unbetrouber gemeentebestjoer

Justerjûn gemeenteried. Oan 'e oarder wie it Frysk marreprojekt en de saneamde 'Sylsbrêge' yn Jirnsum. Lykas sa faak, en yn Boarnsterhim yn't bysûnder, is jild in probleem. Hoe kinne wy ien en oar bekostigje? It doarp Jirnsum woe in lokaasje fan de nije brêge dy't op in oar plak komme moast as wat it Kolleezje útsteld hat. As ien fan de finansieringsboarnen soe in bedrach brûkt wurde kinne wat yn 2001 fêstlein is (punt 7): Doe is jild fêstlein dat de gemeente f 325.000,00 reservearje soe foar takomstige rekreative ûntwikkelingen:

1. Zie af van recht van eerste koop op de camping Molehiem te Jirnsum
2. Aanvaard de tegemoetkoming van f 325.000,00 van de vereniging camping Molehiem bij verkoop van de camping

3. Reserveer het bedrag van f 325.000,00 voor ontwikkelingen op het gebied van recreatie en toerisme voor het dorp Jirnsum, middels vorming van een “reserve recreatieve en toeristische ontwikkelingen Jirnsum”

Justerjûn moast wethâlder Van Beek (VVD) lykwols melde dat it jild fuort is en dat de tasizzings net neikommen wurde kinne. De Jirnsumers wienen poer, praten oer 'diefstal' en oanjefte by de plysje. De sprekker hie it oer in 'ûnbetrouber gemeentebestjoer'. Fraach is, wêr is dat jild? Hoe sit it mei de boekhâlding fan 'e gemeente?

09 Febrewaris '10 - 10:56 | | Noch gjin kommentaar


Edufrysk ek yn it Seelterfrysk?

Krekt krige ik ûndersteande útnoeging. It soe geweldich nijs wêze as der ek in fariant wêze soe om digitaal it Seelterfrysk te learen fansels, of oarsom út it Seelterfrysk wei nei ús (Westerlauwersk) Frysk. It Seelterfrysk wurdt troch sa'n 2.000 minsken praat yn de gemeente Seelterlân, net fier fan Leer en Cloppenburg yn East-Fryslân. In fear yn 'e broek fan 'e Afûk dat sy hjir mei dwaande binne en ek de oare Fryske talen stypje!  

Einladung zu einer Vortragsveranstaltung EDUFRYSK
 Sehr geehrte Damen und Herren, liebe Freunde,  wir laden herzlich ein zu   Vortragsveranstaltung zum Internet-Sprachkurs Edufrysk Diese Veranstaltung bieten wir gemeinsam mit dem Seelter Buund an. Wir wollen dabei über das Internetsprachenlernprogramm Edufrysk (www.edufrysk.nl) informieren. Dieses Programm ist mit Unterstützung der Provinz Fryslân in den Niederlanden entwickelt worden. Henk Wolf  als Vertreter des Projektträgers wird das Programm und seine vielfältigen Möglichkeiten vorstellen, anschließend sollen auch Möglichkeiten besprochen werden, dieses Programm um eine Variante „Saterfriesisch“ zu erweitern. Das Friesische Forum hat bereits diverse Saterfriesischkurse mit dem Seelter Buund durchgeführt, die auf reges Interesse bei Ostfriesen gestoßen sind - das Saterfriesische entspricht im wesentlichen der ursprünglich in Ostfriesland gesprochenen friesischen Sprache.  Die  Veranstaltung findet statt am Freitag, den 19. Februar 2010, ab 19.30 Uhr imRathaus der Gemeinde Ostrhauderfehn (Landkreis Leer), Hauptstr. 117 (Anfahrtsbeschreibung unter http://www.ostrhauderfehn.de/2134.php),

07 Febrewaris '10 - 14:01 | | Al ien kommentaar


Filmje, plakke, bebuordzje ...

It is 'spitsoere' yn kampanjetiid. Mei noch in pear wike te gean (noch 25 dagen) hawwe je no te meitsjen mei in kombinaasje fan noch in soad tariedend wurk foar teksten, opnames, filmkes en it regeljen fan buorden, de ynhâldlike saken mei de gemeenteried sels, wylst de earste echte kampanje-aktiviteiten (kontakt mei publyk) ek al plakfine. Op de earste foto in opname oan 'e súdkant fan Reduzum, dêr't de ûndernimmers út it doarp graach in bedriuweterreintsje hawwe woenen mar wat troch de gemeentlike en provinsjale PvdA-bestjoerders opkeard is. Dêrûnder in foto fan in grut spandoek om reklame by de dyk te meitsjen. Hjirre fynst moaie foto's fan it beplakken fan de ferkiezingsbuorden mei de FNP-poosters. Drok, mar ek gesellich en mei in soad wille!

06 Febrewaris '10 - 15:58 | | Noch gjin kommentaar


Kampanjefilmkes
Snieskeppe 2 Wy binne yn 'e kampanje fan de FNP Boarnsterhim begûn mei it meitsjen fan filmkes fia YouTube. Al tsientallen besikers. Fia ús eigen kanaal http://www.youtube.com/user/FNPBoarnsterhim binne der no al 4 filmkes makke. En der sit mear oan te kommen. En wat in aardichheid. FNP Boarnsterhim TV is útein!
02 Febrewaris '10 - 13:24 | | Noch gjin kommentaar


snieskowers yn't sintsje...

Sakrekt nei Grou ta west, nei de gemeentewerf, dêr't de bûtentsjinst fan de gemeente Boarnsterhim sit. Wy hawwe dy bûtentsjinst (sa'n 25 meiwurkers) oranjekoeke oanbean, om harren yn't sintsje te setten. Op de foto de oranjekoeke, mei de bekende pompebledsjes. Hjirre (ûnder 5 weken gladheidbestrijding) is te lêzen wat de skowers en struiers fan 'e bûtentsjinst allegear dien hawwe. Under oare: mear as 1250 oeren oan strui- en skowurk, der is mear as 26500 kilometer ôflein en 615.000 kilo sâlt is der brûkt. Genôch redenen om se in grut komplimint út te dielen as FNP en neffens my mei út namme fan alle ynwenners.

01 Febrewaris '10 - 10:03 | | Noch gjin kommentaar