Sybren Posthumus
Mega-advertinsjes gemeente Ljouwert
Ik wit net oft it jo opfallen is, my al. En ik wit dat neat yn 'e polityk tafallich is (útsûnderings dêrlitten fansels). Dit wykein gigantyske advertinsjes fan de gemeente Ljouwert yn 'e krante. It sil grif tûzenen euro's koste hawwe, miskien wol tsientûzenen. Lykas bekend kin de ôfdieling Kommunikaasje fan de gemeente sawol personiel as ek finansjeel út 'e romte tarre. Doe't ik noch riedslid wie haw ik ris wat sein oer dat der op in bepaald stuit 17 minsken omrûnen, mar dat waard my net yn tank ôfnommen. Yn tiden fan besunigings moatte jo alles tsjin it ljocht hâlde kinne, fûn en fyn ik. Mar hawar, werom nei de advertinsje. It gong om hast in hiele side, mei as kop 'Leeuwarden slim met energie en water'. Utwriidsk wurdt it belied fan Ljouwert promoate, mei in foto fan wethâldster Isabelle Diks der op. Fansels witte wy dat de sinneboatrace der is, mar wat ek hiel dúdlik meispilet is dat der ein fan dizze wike bekend makke wurde sil (freed, parsekonferinsje) hoe't it Kolleezje tinkt dat Boarnsterhim ferdield wurde moat. En it sil bliken dwaan dat Ljouwert dan in grutte slokop wêze sil. Ljouwert hat der dêrom op dit stuit yn 'e parse alle belang by dat se posityf nei foaren komme. Benammen as it giet giet om doarpsoangelegenheden (ferlykje de Doarpstún fan Snakkerbuorren), ommers der soenen allegear doarpen fan Boarnsterhim by Ljouwert komme, mar ek oar belied.
De boargers fan Ljouwert moatte dus fia mienskipsjild fiks meibetelje oan PR-kosten fan de gemeente om de minsken yn Boarnsterhim waarm te krijen foar de gemeente Ljouwert. Der is de ôfrûne tiid mear bekend wurden oer de neidielen fan weryndieling. Sa wurde de ekstra kosten fan ICT yn de nije Súdwesthoeke-gemeente € 1,8 miljoen euro heger! Earder wie al bekend dat de útkearing út it gemeentefûns op jierbasis foar de nije gemeente yn fergelyk mei de hjoeddeistige 5 gemeenten mei € 3 miljoen op jierbasis omleech giet. Tel út jo ferlies... Mar yn it belang fan noch gruttere gemeenten moat der blykber in soad wike. En in pear rotsinten op kosten fan de boarger kin de bestjoerders blykber net safolle skele.
Hippe holledoekjes yn Reduzum
Hjir ús twa famkes, klear om nei skoalle ta te gean op ien fan 'e waarmste dagen fan 't jier. Sels har eigen klean útsocht, mei dizze prachtige kleurige en fleurige holdoekjes.
Jim sjogge, se lûke har neat oan fan de opruiende en provosearjende taal fan Geert Wilders. Fansels witte se ek net wa't er is, al hawwe se miskien wolris in foto fan him yn 'e krante sjoen. It jout allinnich wol oan dat in ferbod op holledoekjes totale waansin is, wa soe dizze twa lytse Fryske famkes, mar ek oaren, dat misgunne wolle? It soe miskien wol aardich wêze dat holledoekjes hip wurde en dat yn Fryslân de fiktoarje fan dy kleanstikken begjint...
Noch in foto
Noch wat 'bewiismateriaal' fan de byienkomst ôfrûne snein. Op 'e foargrûn Baskykse dûnsers yn klaaiïnge, oan 'e achterkant steane wy. Mei ûnder oare in man út Ierlân (uterst links) dy't ûnskuldich 20 jier as politike finzene opsluten west hat, dêrneist in Palestijn, 'ik sei de gek' en tal fan oare ynternasjonale gasten. As sprekker is in Flaamsk parlemintslid oan it wurd, mei links de oersetster Ingelsk-Baskysk.
Gjin taktysk spultsje
Histoaryske oerienkomst sletten
Ynspirearjende tiden. Ferline wike wûn de N-VA yn België, in susterpartij fan de FNP en hjoed mocht ik yn Bilbao as EFA-bestjoerslid persoanlik meimeitsje dat in Baskyske susterpartij (EA) aktyf meiholpen hat om in grutte en wichtige stap te setten om in ein te meitsjen oan it geweld yn Baskelân. Op ´e foto (boarne: El Pais) is te sjen dat 2 politike lieders fan Baskyske partijen in oerienkomst sletten hawwe. It doel is om no definityf in ein te meitsjen oan it geweld yn Baskelân. Ik stie hielendal rjochtsachteroan dizze groep (op ûndersteande foto in lyts bytsje te sjen) om as ynternasjonale gast en fertsjintwurdiger (fise-presidint) fan de EFA te ûnderstreekjen dat it goed is en bring in ein oan it geweld. De seal siet fol mei wol 700 minsken, meast Basken, mar ek fertsjintwurdigers út Ierlân, El Salvador, Skotlân, Flaanderen, Palestina en Galisië. Fierder, in enoarm soad sjoernalisten. Se ferwachtsje dat dizze byienkomst en de oerienkomst in trochbraak betsjutte sil foar Baskelân. De kranten steane der hjir yn ´e kiosken no al fol fan, moarn grif ek yn ús kranten...
Baskelân is it lêste konfliktgebiet fan de EU, nei't yn 1998 yn Noard Ierlân troch in fredesakkoart dêr in ein kommen is oan it geweld. De oerienkomst dy't no hjoed sletten is hâldt yn grutte halen yn dat de EFA-partij Eusko Alkartasuna (EA) in oare politike partij (Batasuna) oertsjûge hat om tegearre alle geweld te feroardieljen en yn it ferfolch folslein demokratysk parlemintêr te operearjen. Dêrmei is der gjin inkelde politike partij mear yn Baskelân dy't geweld of moarden 'goedpraat' om dêrmei politike doelen te berikken. De EA en de EFA (dy't beide altyd al passifistysk wiene en niks fan geweld hawwe moasten) binne der wis fan dat troch in ein te meitsjen oan it legitimearjen fan geweld troch de politike partij Batasuna der in hiele grutte stap setten wurdt nei frede. Meielkoar kinne de ferskate partijen yn Baskelân dan wurkje oan in demokratysk en feilich Baskelân, dat syn eigen koerts folgje kin yn it Europa fan de 21e ieu.
En no, noch efkes ûntspanne yn dizze prachtige stêd... Moarn wer nei hûs ta.